slider_akkrumeoIMG_8649

Akkrum

Yn it twillingdoarp Akkrum/Nes wenje 4500 minsken, wêrfan 3200 yn Akkrum en 1300 yn Nes. Het wetterrike doarp leit midden yn Fryslân en is ferbûn mei de Terhernster- en Terkaplesterpoelen en it Snitsermar. It leit tusken Grou en Terherne, tusken it Pikmar en it Snitsermar.

Yn de omkriten fan Akkrum binne moaie fytsrûtes, wêrûnder de pontsjesrûte.

Akkrum hat ferskate gesellige ytgelegenheden.

 

It besjen wurdich (boarne: www.akkrum.net)

Coopersburg is rûn 1900 boud en ûntlient har namme oan Folkert Harmen Kuipers. Folkert Harmen Kuipers is op 22-jierrige leeftyd nei de Feriene Steaten emigrearre. Dêr waard Folkert Harmen Kuipers een begoedige sakeman. Yn ien fan syn jierlikse besiken oan syn âldelju, foel him de earmoede ûnder de Akkrumer befolking op en rôp dêrom in stifting yn it libben. Dizze stifting hie it doel om de earmelju ûnderkommen en fersoarging te jaan. Omdat Kuipers syn namme yn de Feriene Steaten omdope hie yn Cooper, krige it gebou de namme Coopersburg. Coopersburg wurdt noch hieltiten omjûn troch in fraai oanleine tún en in kuierpark mei in mausoleum. Yn dit mausoleum binne de lichems fan man-en-wiif Cooper bijset.

 

De Fermanje (Doopsgezinde Kerk) (1835) oan it Heechein yn Akkrum is in ûntwerp fan Thomas Romein, stedsarsjitekt fan Ljouwert. De tsjerke hat in autentike klassisistyske gevel en in Van Dam-oargel út 1871.

In oar monumint yn Akkrum út de 18e ieu is de Herfoarme Tsjerke, de Terptsjerke, mei fjouwer brânskildere ruten. Grêfsarken út de 16e ieu foarmje it middenpaad yn dizze tsjerke.

 

De teekoepel Welgelegen (1929) is in opfallend monumint út de 18e ieu en is boud troch Augustinus Lycklema à Nijeholt. Yn 1924 liet Suster van der Vegt har fermogen nei oan in noch op te rjochtsjen stifting. De stifting krige de namme Welgelegen en dizze stifting liet in tehûs bouwe dat ûnderdak biede moest oan “allinichwenjende” dames út de fatsoenlike burgerstân. In betinkst wie wol dat de dames út Fryske âldelju berne wêze moesten.

 

Foar mear ynformaasje oer Akkrum, sjoch ek ris op de webside fan Akkrum.

 

Links:

. Jachthaven Akkrum / boatferhier / kamping: www.drijfveer.nl
. VVV Heerenveen
Tourist Info Grou/Leeuwarden