slider_trigreppel

 

2015-06-05 09.29.24

B&B De Trigreppel

B&B De Trigreppel is in smûk hûs, wêr’t it hearlik toevjen is. Jo fiele jin der gau thús. It hûs stiet oan it wetterke De Trigreppel, yn miskyn wol it moaiste strjitsje fan Akkrum, efter de tsjerke yn it hert fan it doarp.

De jachthaven fan Akkrum is om en neibij 250 meter fan de B&B.

Ferbliuwe yn B&B De Trigreppel betsjut dat jo fanút dêr genietsje kinne fan alles wat Akkrum en Fryslân te bieden hat.

Ek as jo foar jo wurk in sliepplak nedich ha, is B&B De Trigreppel een geskikt plak, sintraal lein yn Fryslân.

Jo ha in eigen tagong en jo kinne gean en komme wannear’t jo wolle.

Under is de mienskiplike romte, mei koken, sithoeke mei tillevyzje en in yttafel wêroan jo moarns fan in lekker brea-iten genietsje kinne. Ek ûnder is de badkeamer (mei dûs) en in húske.

Boppe binne twa twapersoanskeamers mei wasktafel: in keamer mei in moai útsicht op ‘e tsjerketoer en op it wetter en in romme keamer (mei mooglik in tredde bêd) op it suden. Op de oerloop is in twadde húske.

De sinne hoecht moar efkes te skinen en jo kinne hearlik yn de eftertún sitte.

Goed om te witten
. Der is wifi
. Der is in tillevyzje yn de mienskiplike romte

. Gjin húsdieren
. Smoke dogge jo bûten