mia16BBT1-(2)

Wij binne

Wij binne Douwe Bergsma en Jetske de Blaauw, de eigeners fan B&B De Trigreppel. Pieter is ús 11-jierrige soan. Douwe giet trije dagen yn ‘e wike mei de trein of op ‘e fyts nei Ljouwert, wêr’t hij oan de NHL Hegeskoalle studinten opliedt ta wiskundedosinten. Jetske wurket as kommunikaasjeadviseur bij soarchorganisaasje Noorderbreedte, ek yn Ljouwert.

Yn in fekânsje fan ús, sa’n tsien jier lyn, wienen we foar ús tinte oan it filosofearjen oer in eigen, lytse B&B. We kochten een skriftsje wêryn we al ús ideeën opskreaunen.

We lieten op ús eigen wize een wiere sterkte-swakte-analyze der op los en sa kamen we op in wêzentlik punt: einliks woenen we wenjen bliuwe op ús prachtige plakje yn Akkrum. Mar it wie ek dúdlik dat ús hûs te lyts wie. As it hûs fan de buorlju no ris frij komme soe, dan … En dat barde!

En doe hienen we yn 2008 samar in hûs derbij. De hûzen waarden bijinoar foege en nei lang omknúskjen iepenen we op 1 jannewaris 2010 ús eigen B&B.

Sûnt dy tiid ha we al in hiele soad aardiche, bysûndere, jongere, âldere, ynspirearjende minsken ûntfong. En dat dogge we om’t we der sa’n aardichheid oan ha.

Ek jo binne fan herte wolkom. Kom lekker sliepen yn B&B De Trigreppel!